| U bevindt zich hier:     > 

De Tiisdei-te-jûn-skeelerploech

In artikel oer de skeelerâlvestêdetocht

Se wolle it sels net wêze, mar de IJsster hat twa cracks ûnder harren leden, Ruurd Veldhuis en Nico Brandsma. Op tiisdeitejûn fleane se op skeelers mei in ploechje de dyk út. Yn training foar de Alvestêdetocht, foar de oaren is it willewurk1. No ja willewurk, as je miene dat dit samar in aardiche training is dan sil je noch fan de bok dreame. Op sa’n manier sille wy neffens Nico fan’t winter gjin maraton op redens winne. Nee, der wurdt omraak riden en as je miene dat it echt net hurder kin dan docht Nico der noch even in snok op.

Wy meitsje de slachtedyk ûnfeilich op’e râne Westergoa fan Boazum nei Easterwierrum, dûke de Middelsé yn om by Raerd wer boppe wetter te kommen. Op nei de Blauwe Tent en alkoholfrij troch in hoekje Oastergoa en knalle dan fia de paralleldyk wer fan Raerd nei Snits. No ja knalle, sa no en dan komt Klaas Kramer as wie er Jos Verstappen yn’e auto foarby stowen. De achterklep omheech en soan Arjan der achter mei de tonge op’e trekheak. It raamke omdel, ús even taroppend: rol-later! Yn training foar “Hallum”, de knetterhurde wedstryd oer 60 km by de beloften. Dat is noch even oare koek.



En sa’t de skries2 de Kening-fan-de-Greide is binne Ruurd en Nico de matadoren op 100mm-tsjiltsjes. Goed treend en taret hawwe sy der alle fertrouwen yn dat it goed komme moat, no ja, de rêch fan Ruurd moat it al hâlde fansels. Wer moat it goed mei komme? Mei de skeeler alvestêdetocht fan 225 kilometer. Lês ik dat goed, ja jo lêze it goed, twahûndertfiifentweintich km, oftewol 6x de SWF-skeelertocht achter mekoar en dan noch 15 km derby! Moatte je gek wêze om dit te wollen? Nee, net perfoast3, mar it helpt wol. Moatte je in bikkel wêze om dit te kinnen? Absolút.

Sneontemoarn 29 augustus sil it heve. Ier en betiid arrivearre de twa yn Sjinkie-town, sis mar: Bantegea. As Ruurd troch krijt dat er syn skeelers fergetten is, giet er as in snoek mei de auto nei hûs om syn rolskaatsen op te heljen. Ûnderwilens telefonys kontakt hâldend mei Ying Mellema om op’e hichte te bliuwen wêr it peloton úthinget. Hy stapt letter wer by it peloton fan 125 rolskaatsers yn dat dan al moai op wei is. Ik haw noch noait sa’n orizjineel ferlechje heard om ris even wat kilometers te smokkeljen.

Hawar, it sin is goed en it waar is bêst, mar om Ruurd hie it tempo wol wat heger mocht. It is in pelotonstocht mei in gonkje fan sa’n 22 km yn it oere. Sa’n tempo neame wy as tiisdeitejûn-ploech: rollatorje. Ruurd mei syn prikslach kin dêr net mei út de fuotten. Dêr wurdt omraak praten as wiene it froulju op’e Libelle Simmerwike. Mar sa’n dei is lang en sa’n dei is dreech. Jo nimme ris in powerreep en je ite ris in gehaktbal. En as de dei ferrint wurdt it praat wat langer wat stiller, de antlitten bytsje by bytsje bleker en de bekjes justjes strakker. Der falle letterlik wat minsken om, en der falle figuerlik wat minsken út. Mar net ús IJsstermaten, sûn en wol arrivearre se wêr yn Bantegea. Ruurd sels foar it earst mei skeelers.

Mar as de rest fan’e tiisdeitejûn-ploech tocht hie dat wurdt de training dêrnei even lekker útride mei twa stramme hampelmannen. Nee hear, niks fan dit alles. Al siet ik komplete peloton op’e rêch fan Ruurd, hy set sok4. En Nico? Dy rydt it peloton wer it snot foar de eagen. Willewurk? Leuk en aardich? Tocht it net, dêr winne wy fan’t winter gjin maratons op it iis mei. Ride blinder!De Tiisdeitejûnploech: Daan de Waard, Rinnie Kroontje, Ying Mellema, René Veuger, Marcel Kamstra, Ruurd Veldhuis en Nico Brandsma

Verklarende woordenlijst:
  1. hobby / ontspanning
  2. grutto
  3. per sé
  4. tempo maken / versnellen
Terug naar nieuws

© De IJsster - Sneek - info@ijsster.nl